'Minder greidefûgelgebieten'

06 mrt 2014 - 20:00

De greidefûgelgebieten dêr't de provinsje jild yn stekt om greidefûgels te stypjen, moatte lytser wurde. Dat is it belangrykste advys út it "Olderterp oerlis'. Boeren, natoerbeskermers en jagers binne it mei elkoar iens dat it jild foar greidefûgelbeskerming allinnich noch yn de allerbêste greidefûgelgebieten stutsen wurde moat.

Dat betsjut dat dy gebieten noch lytser wurde, want der is hieltyd mear ynformaasje beskikber om dy kar op in goede wize te meitsjen. It advys is tongersdei oerlange oan deputearre Johannes Kramer.

Wannear't de greidefûgelgebieten lytser wurde, betsjut dat ek dat it tal boeren dat in fergoeding krijt foar dizze foarm fan agrarysk natoerbehear ôfnimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)