Utspraak Thialf oer twa wike

06 mrt 2014 - 18:17
  • In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen

Oer twa wike komt der in útspraak wa't it nije Thialf bouwe mei. Dat is tongersdei sein by it koart pleit dat troch it boukonsortium fan ûnder oare Dijkstra Draisma-Jorritsma oanspand waard tsjin de gunning fan it wurk oan Ballast Nedam.

De boubedriuwen fine dat de gunningsproseduere net goed gien is. Ballast Nedam hie it wurk net krije mocht, om't it bedriuw by in earder bouskeel stekpennings oannaam hawwe soe. Op woansdei 19 maart komt de rjochter mei in útspraak wa't de bouwer wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)