Dunen Skylge net yn gefaar

De dunen by Hoarne © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De feiligens fan it binnendykse gebiet op Skylge hat net yn gefaar west by de stoarm fan 5 desimber ferline jier. Der wie ek gjin driging dat de bûtenste dúnrigen trochbrekke soenen. Dat docht bliken út it ûndersyk fan Steatsboskbehear, Vitens en Rykswettersteat.
It trijetal ûndersocht de dunen om't de gemeenteried fan Skylge yn jannewaris syn soargen utere oer de tastân fan de dunen by peal 16. Mjittings litte lykwols sjen dat de kust op dat plak groeit, mei sa'n sân meter yn it jier.
Boppedat litte berekkenings sjen dat de bûtenste dunrige alle jierren tanimt.