Hema Snits bêste fan Nederlân

06 mrt 2014 - 17:28

De Hema oan de Easterdyk yn it sintrum fan Snits is tongersdei útroppen ta bêste Hema fan Nederlân. Alle winkels fan it lân binne de ôfrûne tiid beoardiele op klantfreonlikens en it uterlik fan de winkel. De Hema yn Snits krige ferline jier in flinke metamorfoaze, dy't dus fertuten dien hat.

De meiwurkers krije as priis in wykeintsje Disneyland Parijs oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)