HCL siket BKR-keunstners

It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL) is dwaande om 1200 keunstwurken fuort te dwaan. It depot is fol. Om romte te meitsjen moatte acht op de tsien BKR-keunstwurken de doar út. It sintrum siket no de keunstners of harren neibesteanden. It is in hiele toer om de lêste keunstners te finen. Fjouwer persoanen binne noch net fûn: C.A.H. Etman, F. Meijer, H. de Ridder en N.J.E. Veijs.
Yn de eardere Beeldende Kunstenaars Regeling (BKR) krigen keunstners in talage. Dêrfoar yn it plak moasten se keunstwurken ynleverje.