'Aaisykjen kin gjin kwea'

06 mrt 2014 - 15:52

It meinimmen fan ljipaaien kin gjin kwea, seit de Kanadeeske ûndersiker Ron Ydenberg. Hy is bûtengewoan heechlearaar oan de Wageningen Universiteit. Ydenberg hat op fersyk fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFFW) in rekkenmodel makke oer de ynfloed fan aaisykjen op de ljippestân. De groei fan it tal ljippen falt 0,2 prosint leger út troch it meinimmen fan aaien ûnder de no jildende regels, neffens Ydenberg.

Rendert Algra fan it BFFW is bliid mei de útkomsten.

Neffens Algra hat it BFFW altyd al sein dat it meinimmen fan ljipaaien net min is, mar no is it ek echt ûndersocht.

Trefwurden: 
ljipaai aaisykjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)