Miedema wint Sulveren Skries

Sulveren Skries foar boer Sjoerd Miedema © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Sjoerd Miedema fan Haskerdiken hat de Sulveren Skries 2013 wûn. Dat waard bekend makke troch deputearre Johannes Kramer op de greidefûgeldei yn Earnewâld. De Sulveren Skries is in provinsjale priis foar it bêste inisjatyf foar agrarysk natuer- en lânskipsbehear.
Neffens deputearre Kramer lit Miedema sjen dat ien mei in goedrinnend, relatyf grut melkfeehâldersbedriuw, dochs in soad dwaan kinne foar de greidefûgels. Miedema soarget derfoar dat syn greiden ryk binne oan krûden en dat it wetter heech stiet.