Harns helpt Tall Ships Race

06 mrt 2014 - 14:50

Harns stekt tsientûzenen euro's yn de organisaasje fan de Tall Ships Race. De gemeente nimt de ferantwurding op 'e noed foar de strange, djoere feilichheidsmaatregels. De stifting Harlingen Sail organisearret de race. De organisaasje hie jildpine, omdat der folle minder jild fan sponsors komt as op rekkene wie. Troch it yngripen fan de gemeenteried binne dy problemen no foarby, seit Arjen Mintjes fan Harlingen Sail.

De Tall Ships Race sil wêze fan 3 oant en mei 6 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)