'Ballast Nedam útslute'

Thialf
Ballast Nedam moat útsletten wurde fan de fernijbou fan iisstadion Thialf. Dat seit de advokaat fan boukonsortium fan ûnder oare Dijkstra Draisma-Jorritsma. Dat hat in koart pleit oanspand tsjin de gunning fan it wurk oan Ballast Nedam. It koart pleit tsjinnet tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert.
De oare boubedriuwen fine dat de gunningsproseduere net goed gien is. Ballast Nedam hie it wurk net krije mocht. It bedriuw soe by in earder bouskeel stekpennings oannaam hawwe. Ballast Nedam hat doe rjochtsferfolging ôfkocht mei in ôfkeapsom
Om de gunning fan Thialf te krijen, moat in bedriuw 'fan ûnbesprutsen gedrach' wêze. Dêrom moat it wurk oan Thialf net oan Ballast Nedam takend wurde, fynt de advokaat fan Dijkstra Draisma en Jorritsma.
De saak is live te folgjen op: http://www.omroplive.nl/koart-pleit-thialf
Utsein Dijkstra Draisma-Jorritsma sitte ek Friso en Van Wijnen en VolkerWessels yn it boukonsortsium.