Asscher: Hinnepykje is unyk

Pjutteboartersplak It Hinnepykje © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Pjutteboartersplak It Hinnepykje yn Snits is rêden. Dat seit PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Monasch fan Snits. Hy hat der tongersdei oer praat mei minister Asscher fan Sosjale Saken.
Asscher fynt dat liedsters yn de berne-opfang betelle krije moatte, ûnder oare omdat der oars sprake is fan falske konkurrinsje. By It Hinnepykje krije se net betelle, mar neffens Asscher is it pjutteboartersplak yn Snits unyk yn Nederlân. Dêrom makket de minister foar it plak in útsûndering.