Earste ljipaai fûn

It earste ljipaai fan Fryslân is tongersdei fûn. It lei by Slikenboarch yn de buert fan Wolvegea. It aai lei oan de Lindedyk en dat is noch krekt Fryslân. De Lindedyk leit oan de rivier de Linde dy't de grins foarmet tusken Fryslân en Oerisel. It aai waard fûn troch Geert Mooi út Nijetrine. It wurdt freed oanbean oan kommissaris fan de kening John Jorritsma.
It earste ljipaai fan dit jier is gjin rekôr wat datum oanbelanget. It allerierste ljipaai ea waard fûn op 4 maart.