'Boykot sil HZPC treffe'

As der in Russyske boykot komt foar lannen yn de Europeeske Uny fanwege de kwesje Oekraïne, hat dat ek gefolgen foar ierappelhannelsbedriuw HZPC út De Jouwer. It bedriuw soe dan likernôch 1 miljoen euro oan omset misrinne kinne.
De ierappelhannel mei Ruslân leit al hast in jier stil fanwege in oar skeel. Achter de skermen wurdt socht nei in oplossing foar yn alle gefallen dit jier. In politike boykot soe dat proses fersteure kinne, seit direkteur Gerard Backx.