Winkeldief pakt yn Ljouwert

(stockfoto) © ANP XTRA
De plysje hat woansdeitemiddei in 21-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar it stellen fan saken út in supermerk. De winkel is oan de Lieuwenburg yn Camminghabuorren yn de Fryske haadstêd. Froulike personielsleden soene de man tsjinhâlde, mar se waarden mei geweld fuorttreaun.
Oan 'e hân fan kamerabylden koe de plysje de man eefkes letter yn syn wenning oanhâlde.