Man yn búk stutsen yn Ljouwert

06 mrt 2014 - 10:28

Yn de Ikestrjitte yn de Ljouwerter wyk Skieringen-Heechterp is woansdeitemiddei in man fan 42 jier mei in mes yn it liif stutsen. Dat wie by in rûzje by him thús. De fertochte, in 29-jierrige Ljouwerter, waard troch de plysje tichtby it hûs oanhâlden.

It slachtoffer rekke net slim ferwûne by de stekkerij. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs ta brocht. It is net rjocht dúdlik wat de oarsaak fan de út 'e hân rûne rûzje wie. De fertochte is ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)