'Minder faak iepenloftspul'

05 mrt 2014 - 22:39
  • Iepenloftspul fan Burgum

Der wurdt tenei noch mar ien kear yn de twa jier in iepenloftspul hâlden yn Burgum. Dat hat it bestjoer fan it iepenloftspul besletten. Neffens it bestjoer is it net langer op te bringen om alle jierren in produksje op te setten. It freget te folle tiid fan de frijwilligers. Boppedat komt der de lêste jierren hieltiid minder jild binnen fan sponsors.

Neffens it bestjoer is der gjin sprake fan in akút probleem. Der is noch genôch jild yn kas en de tariedings foar it stik fan 2014 ferinne goed. Yn 2015 sil der lykwols gjin nij stik komme.

Dat jier sil brûkt wurde foar de tariedings fan 2016.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)