Speeddate foar wurkleazen

Utkearingsorganisaasje UWV organisearre woansdeitemiddei in saneamde speeddate foar minsken sûnder wurk. Tritich útstjoerorganisaasjes praten yn de hal fan it Friesland College yn Ljouwert mei sa'n njoggenhûndert minsken sûnder wurk. De speeddates wurde ien kear yn de seis wiken organisearre en se binne in súkses. Krapoan fjouwer op de tsien fan de wurkleazen fynt fia de spesjale moetings wer wurk.
It wie foar it earst dat de speeddate yn it Friesland College hâlden waard. Studinten wienen aktyf yn de catering en as parkearhulp.