Brân Rottefalle ûnder kontrôle

05 mrt 2014 - 14:44

Der hat woansdeitemiddei in grutte brân west yn De Rottefalle. It giet om in garaazjebedriuw oan it Muldersplein. De melding by de brânwacht kaam om 20 minuten oer twa-en. Der waard al gau grut alarm slein en omlizzende korpsen waarden oproppen. By de brân kaam in soad reek frij. De branwacht joech dêrom it advys om ruten en doarren te sluten en automatyske fentilaasjesystemen út te skeakeljen. Der is gjin asbest by de brân frijkaam.

By de brân wiene ferskate knallen te hearren. Krekt nei fjouwer oere wie it fjoer ûnder kontrôle. Der is net ien ferwûne rekke.

It gebou, mei dêryn ferskate auto's, is folslein ferlern gien. Wol koe it oangrinzjende wenhûs foar it grutste part behâlden wurde.

Trefwurden: 
brân De Rottefalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)