Goeie omset Fryske túnsintra

05 mrt 2014 - 14:01

De Fryske túnsintra hawwe de earste moannen fan 2014 in goeie omset draaid. Dat makke de Tuinbranche Nederland woansdei bekend. Troch it útbliuwen fan de winter en it moaie waar yn jannewaris en febrewaris is der yn it begjin fan it jier al mear ferkocht as ferline jier.

Ferline jier hienen de túnsintra in min jier, doe't de ferkeap fan planten, blommen en túnark mei mar leafst acht prosint omleech gong. Dat wie de grutste ôfname yn 25 jier.

De belangrykste oarsaken foar de tsjinfallende omset yn 2013 wienen it minne foarjier en de ekonomyske krisis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)