Jild foar minima Opsterlân

05 mrt 2014 - 13:54

De gemeente Opsterlân begjint mei in 'bernepakket' foar minima. Bern fan minsken dy't it sels net betelje kinne, meie op kosten fan de gemeente nei swimles, fuotbal, skoalreiske of muzykles.

De gemeente hat besletten om in ein te meitsjen oan de bysûndere bystân foar dit doel. Tenei kin fia Jeugd & Gezin regele wurde dat de gemeente de kosten fan skoalreiskes of klupkontribúsjes betellet. De gemeente hat yn earste ynstânsje 50.000 euro foar dit doel reservearre, mar is ree mear út te jaan as dat nedich is.

Utgongspunt is dat ek bern fan minima har goed ûntwikkelje kinne, seit wethâlder Wietze Kooistra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)