Iris test Fryske Foetôfdruk

05 mrt 2014 - 13:05
  • Iris Kroes is ambassadeur fan de Fryske Foetôdruktest

Voice-winnares Iris Kroes hat woansdeitemoarn op it Nordwin College yn Ljouwert oan learlingen sjen litten hoe grut har ekologyske foetôfdruk. De Fryske Foetôdruk, in inisjatyf fan de Fryske miljeufederaasje, is in mjitynstrumint dêr't mei bepaald wurdt hoe miljeubewust ast libbest.

Dat hat foar in grut part te krijen mei ien syn konsumpsjegedrach. Hoe bewuster ien libbet, hoe lytser de foetôfdruk is. De gemiddelde skoare yn Nederlân leit op 6,34 hektare. Iris Kroes har foetôfdruk sit op 6,17 hektare.

De Fryske miljeufederaasje wol minsken mei de test bewust meitsje fan harren konsumpsjegedrach.

Berekenje hjir jo foetôfdruk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)