Opknapbeurt haven Suwâld

De haven fan Suwâld oan it Prinses Margrietkanaal wurdt foar 400.000 euro opknapt. Njonken it fernijen fan de lisplakken komme der ekstra parkearplakken en in kuier- en fytsrûte by it kanaal del.
Fierder komt der in fiskplak foar ynvalide minsken. De gemeente Tytsjerksteradiel betellet mei goed 225.000 euro it grutste part. De provinsje docht dêr 80.000 euro by. De havenferiening betellet de rest, útsein de kiosk, dy't foar rekken komt fan de stichting sinnepont Schalkediep.
It doel fan it opwurdearjen fan de haven is om Suwâld oantrekliker te meitsjen foar boatsjeminsken en oare rekreanten. Foarsitter Henk Spijkstra fan de havenferiening hopet dat de nije haven op 1 april klear is. Ein april is dan de offisjele iepening.