Corendon ferlingt kontrakt

05 mrt 2014 - 12:21

Reisorganisator Corendon bliuwt noch oant en mei de Olympyske Spelen fan 2018 haadsponsor fan de reedrydploech mei deselde namme. Dat hat de sponsor woansdei bekend makke.

De Corendon-ploech, mei ûnder oaren Marrit Leenstra fan Wikel, die poerbêste saken by de Spelen yn Sotsji. Dêr pakte de ploech fiif Olympyske medaljes. It beslút om troch te gean mei de sponsoring wie lykwols al foar de Spelen naam, liet de direkteur witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)