Huldiging Sjinkie Knegt

05 mrt 2014 - 10:59

Brûnzen Olympysk medaljewinner Sjinkie Knegt sil freedtejûn yn syn wenplak Bantegea huldige wurde. By de huldiging binne ek coach Jeroen Otter en de foltallige shorttrackploech oanwêzich.

De shorttrackers wurde om acht oere hinne it doarp ynriden om huldige te wurden op in poadium njonken kafee It Alde Weintsjil. Op in grut skerm sil boppedat de brûnzen 1000 meter race fan Sjinkie yn Sotsji nochris te sjen wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)