Winkelmeiwurker mishannele

05 mrt 2014 - 10:52

In 29-jierrige man út Drachten is tiisdeitemiddei oanholden foar mishanneling fan in winkelmeiwurker. De man wie oan it winkeljen yn in saak oan de Eems. Doe't er in meiwurker oanspruts mei in fraach oer in produkt, waard er nei eigen sizzen net goed holpen.

Hy woe lilk de winkel ferlitte mei it produkt, mar die dat sûnder te beteljen. Doe't de meiwurker de man tsjinhâlde soe, krige se in klap yn har gesicht. De Drachtster koe oanholden wurde en krige in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)