'Keatsen yn Museum Martena'

It keatsmuseum moat in plak krije yn Museum Martena yn Frjentsjer. Alteast, as it oan de PvdA yn dy stêd leit. De partij fynt it gjin goed idee dat it museum yn it gebou fan de ABN-AMRO Bank komt. De kosten foar de hier soe in te grutte belesting wêze op de kas fan de gemeente Frjentsjeradiel.
Neffens de PvdA past it keatsmuseum prima yn it eigen Museum Martena en komme sa folle mear minsken yn 'e kunde mei de skiednis fan it keatsen.