Online stipe foar De Groot

05 mrt 2014 - 07:31

In groep minsken, wêrûnder skriuwer Ferdinand de Jong, hat in Facebookside oprjochte om biologysk boer Thom de Groot te stypjen. De Groot moat foar freedtemiddei de boarch betelje, dy't de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit rekkenet foar de opfang fan syn fee. Betellet er net, dan gean de bisten nei de slachter. De Jong fynt dat beslút ûnbegryplik.

De Facebookside hat ûndertusken al goed 1400 likes krigen. Alfred Plantinga fan It Hearrenfean hat in online petysje opset, dêr't minsken har hantekening sette kinne tsjin it beslút.

Sjoch hjir op de Facebookside.
Sjoch hjir foar de online petysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)