'Hâld sport yn lytse doarpen'

05 mrt 2014 - 06:40

Sport Fryslân makket him grutte soargen oer de takomst fan sportferienings en sportakkommodaasjes yn lytse doarpen. Sport Fryslân is benaud dat gemeenten besunigje sille op sport as se aanst de taken fan it Ryk oernimme moatte.

Troch de besunigings sille der yn de takomst allinnich noch yn gruttere plakken sportakkommodaasjes wêze, tinkt Sport Fryslân. Dat betsjut dat lytsere ferienings yn de doarpen ferdwine sille. Sport Fryslân ropt sawol gemeenten as ferienings op om mei-inoar ta in takomstbestindige oplossing te kommen.

Dêrby kin tocht wurde oan gearwurking tusken sportklups ûnderling en tusken sportferienings en organisaasjes yn de soarch- en wolwêzensektor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)