Skuorrebrân yn De Langelille

Brânwacht © ANP XTRA
In skuorre oan de Langelillewei yn De Langelille is yn de nacht fan tiisdei op woansdei ôfbrând. Om goed kertier foar tolven kaam der in melding binnen. De brânwachten fan Skerpenseel, Kuinre en in heechwurker fan brânwacht Hearrenfean moasten der oan te pas komme om de brân te blussen. Om in oere as twa waard it sein 'brand meester' jûn.
De brânwacht slagge der yn de wenning njonken de skuorre te behâlden. De wenning rûn wol in soad reekskea op.