Gearwurking WTC en Martini

De yngong fan WTC Expo
It WTC Expo yn Ljouwert en it MartiniPlaza yn Grins organisearje dit jier tegearre de lifestylebeurs Vrouw. De beurs krijt sawol in Fryske as in Grinzer edysje. Vrouw is seis kear yn Ljouwert hâlden, oankommend wykein is de sânde edysje. Yn oktober is deselde beurs yn MartiniPlaza Grins te sjen.
Mei de gearwurking hoopje beide partijen dat der noch mear minsken op ôf komme. Ek wurdt oerlein oft der mei mear eveneminten gearwurke wurde kin. Ferline jier luts Vrouw yn it WTC Expo mear as 23.000 besikers.