Utwreiding haven Suwâld

04 mrt 2014 - 19:36

De haven fan Suwâld wurdt útwreide ta rekreaasjetrefpunt. Tiisdei is úteinset mei it wurk. Sa komt der ekstra fyts- en parkearromte, wurde der 15 kemperplakken oanlein en komt der in fisksteiger foar ynvaliden. Ek wurdt soarge foar in wifi-netwurk, in oplaadpunt foar elektryske boaten en in doarpskuierke fanút de haven.

De totale kosten fan de útwreiding binne fjouwer ton. De gemeente Tytsjerksteradiel betellet goed twa ton, de provinsje Fryslân 80.000 euro en de pontstifting betellet de rest. Ein april moat is wurk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)