'Gearwurking smyt OWO jild op'

04 mrt 2014 - 18:32
  • Boargemaster Francisca Ravestein

De gearwurking tusken Opsterlân, Weststellingwerf en Eaststellingwerf (OWO) kin foar de trije belutsen gemeenten wol út. De gearwurking sil de trije gemeenten in mienskiplik foardiel opsmite fan sa'n 1,2 miljoen euro yn it jier en dat is folle mear as de 6 ton dy't de gemeenten yn de gearwurking ynvestearje.

De sifers komme út in earste tuskenrapportaazje dy't boargemaster Francisca Ravestein fan Opsterlân tiisdei presintearre. Neffens Ravestein binne de trije gemeenten troch de gearwurking minder kwetsber en better taret op de takomst.

Weryndieling is foar de gemeente Opsterlân dan ek net oan de oarder, seit de boargemaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)