Helden fan Gerkeskleaster

04 mrt 2014 - 18:22

Fiif jonge ynwenners fan Gerkeskleatser hawwe woansdei út hannen fan boargemaster Gerbrandy fan Achtkarspelen in ûnderskieding krigen fan it Carnegy Heldenfonds. Raymond Brinkman, Gerbert van der Heide, Zeitze van der Heide, Marco Kooistra en Lars Niewijk hellen op 23 september 2013 in Dútske man út it wetter fan de Aldfeart yn Gerkeskleaster en alarmearren de helptsjinsten. Foar it slachtoffer kaam de help te let. Hy ferstoar nei alle gedachten fanwege hertstoarnissen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)