Fiskerijplan foar Iselmar

De provinsje Fryslân presintearret tiisdei oan 'e ein fan de middei in plan foar de oplossing fan de histoarysk minne fiskstân yn de Iselmar. De fiskerij stiet troch de minne stân swier ûnder druk. In spesjale wurkgroep hat op fersyk fan de Iselmarprovinsjes it probleem ûndersocht. Yn it plan stiet hoe de fiskstân him werstelle kin en ek yn de takomst op peil bliuwe kin.
Ferskate partijen binne belutsen by it fiskplan, bygelyks de fûgelbeskerming, de sportfiskerij en de rekreanten.