Nije ûnderwizers yn Harns
It ekstra jild foar it basisûnderwiis út it hjerstakkoart hat by it iepenbier basisûnderwiis yn Harns en Snits fuortendaliks in pear banen opsmiten. It iepenbier basisûnderwiis yn Harns hat it jild brûkt foar it oanlûken fan twa jonge learkrêften. De twa stedsskoallen koene dy learkrêften goed brûke. De iepenbiere basisskoallen fan Snits hawwe it ekstra jild ynset om trije ûnderwiisassistinten oan te lûken.
Lang net alle basisskoallen fan Fryslân hawwe it ekstra jild fuortendaliks ynset om ûnderwizers of konsjerzjes oan te lûken.
In soad ûnderwiiskoepels binne weromhâldend om yn de rin fan it skoaljier nije meiwurkers te beneamen op basis fan ynsidintele subsydzje. Se kieze derfoar om it jild pas takom skoaljier yn te setten.