Pepperspray foar automobilist

04 mrt 2014 - 10:21

De plysje yn Wolvegea moast sneintenacht pepperspray brûke om in wylde autobestjoerder yn te rekkenjen. De 47-jierrige man waard sjoen, doe't er hurd oer de Hoofdstraat-West ried. De plysje joech in stopteken, mar de man naaide út.

Uteinlik koe de plysje de man op de Gentiaan yn Wolvegea oanhâlde. Hy woe hielendal net meiwurkje en fersette him bot. De plysje moast sels pepperspray ynsette.

Trefwurden: 
Wolvegea pepperspray
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)