Auto te wetter by Frjentsjer

04 mrt 2014 - 07:35
  • Auto te wetter by Frjentsjer
  • De ferûngelokke auto wurdt ôffierd troch de berger

Op de A31 by Frjentsjer yn de rjochting Ljouwert is tiisdeitemoarn in auto yn it wetter rekke. De bestjoerder koe op eigen krêft út de auto weikomme. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. By it ûngelok wie ek in twadde auto belutsen.

It ferkear moat rekken hâlde mei fertraging. Ien rydstrook is ticht. Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)