Nobilis komt yn skoalgebou

It leechsteande skoalgebou yn De Fochtel krijt in nije bestimming. It wurdt it ûnderkommen fan stifting Nobilis. Dy stifting is aktyf op it mêd fan de byldzjende keunst. It nije gebou moat in kennissintrum wurde foar grafyske keunst. Der moatte ek ûnder oare útstallings organisearre wurde. Neffens foarsitter Pieter Jonker kriget De Fochtel sa in wichtich plak op de kulturele kaart fan Fryslân.
De gemeente Eaststellingwerf is wiis mei de nije bestimming fan it gebou. Neffens wethâlder Engbert van Esch hâldt de keunst it doarp libjend.