'Boeren libje op gasfabriken'

Boeren moatte oars mei dong omgean. Dat wie moandeitejûn it boadskip op in gearkomste fan de Nederlandse Melkveehouders Vakbond op 'e Jouwer. Boeren wurkje, sûnder it te witten, op gasfabriken. De dong wurdt opfongen yn kelders of silo's en dan ûntstiet der gas. Dat is libbensgefaarlik.
Der moat folle mear foarljochting komme, sa wie de konklúzje. Fierders moat de Twadde Keamer de regels oanpasse en de boeren moatte leare om op in oare wize mei dong om te gean. Sa dogge se it bygelyks yn Ierlân en Ingelân hiel oars.