Eilannen baas oer wenten

De Waadeilannen meie dochs sels útmeitsje wêr't minsken wenje op it eilân. Keapwenten kinne reservearre wurde foar de eigen bewenners. Dat is it gefolch fan in amendemint fan de Twadde Keamerfraksjes fan de VVD en de PvdA. Beide partijen trunen moandei by de behanneling fan de húsfestingswet by minister Stef Blok fan Wenjen oan op maatregels foar de Waadeilannen. De merk foar keapwenten is dêr folslein oars. Der kinne ek net samar wenten boud wurde.
Boppedat is it foar eilanners net mooglik samar nei in oare gemeente te ferhúzjen.
Dêrom is maatwurk nedich fine de beide partijen. Minister Blok is posityf oer it útstel.