Wrâldbeker kuorbal yn Ljouwert

Kuorbal © ANP XTRA
De striid om de wrâldbeker kuorbal ûnder de 19 jier is dit jier in striid tusken teams út fjouwer kontininten. Moandeitejûn is der lotte foar dit kuorbaltoernoai dat yn it peaskewykein fan 17 oant en mei 20 april ferspile wurdt yn sportsintrum It Kealledykje en de Camminghahal yn Ljouwert. Brazilië sil foar de earste kear meidwaan. Yn totaal dogge der 16 teams út 13 lannen mei. De organisaasje is yn hannen fan it kuorbaldistrikt Noard yn gearwurking mei de kuorbalferienings Mid-Fryslân fan Reduzum en Grou en de feriening Ljouwert.
De offisjele lotting smiet de ûndersteande pûlyndieling op.
Groep A: Ingelân, Portugal, Roemenië en België ûnder de 16 jier
Groep B: België, Tsjechië, Kataloanië en Brazilië
Groep C: Sineesk Taipei, Dútslân, Sina en distrikt Noard ûnder de 19 jier
Groep D: Nederlân, Ruslân, Marokko en in noch oan te lûken team