Gjin berop Mansveld tsjin EVT

03 mrt 2014 - 20:23

Steatssiktaris Mansveld fan Ynfrastruktuer en Miljeu leit har del by de útspraak fan it Gerjochtshôf oer feartsjinst EVT. Dat skriuwt se yn in brief oan de Twadde Keamer. It Hôf ferneatige earder it farferbod dat Mansveld de EVT oplein hie.

De steatssiktaris wol har no rjochtsje op it finen fan in oplossing yn oparbeidzjen mei alle partijen. Der hawwe neffens har al konstruktive petearen west. Dy gean de kommende tiid noch troch. Dat sil dien wurde efter sletten doarren.

Sa moat yn alle rêst in oplossing fûn wurde dy't de takomst fan de farferbinings tusken de fêste wâl en Flylân en Skylge garandearret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)