Fergoeding dykswâl stiet faai

In soad boeren yn de Wâlden driigje de fergoeding foar it ûnderhâld fan dykswâlen kwyt te reitsjen. Neffens in lanlike regel, moat in dykswâl op syn minst 80 sintimeter heech wêze wol de eigener yn oanmerking komme foar in fergoeding. In soad wâlen binne krekt wat leger.
De Feriening Noardlike Fryske Wâlden fynt dat dy maat rommer nommen wurde moat. De feriening is benaud dat de boeren de dykswâlen net mear ûnderhâlde, as se gjin jild krije. Dan ferdwine se út it lânskip.