Bou MFS Aldegea (Smell.) begûn

03 mrt 2014 - 18:34

De earste lape grûn is útgroeven foar it multyfunksjonele sintrum (MFS) yn Aldegea. Yn it doarp is hast trettjin jier praat oer sa'n sintrum. No komt it der lang om let dochs. Yn it gebou komt de kuorbalferiening, in húsdokterspraktyk en in âldheidssintrum.

De ôfrûne jierren soarge it nije multyfunksjonele sintrum foar opskuor yn it doarp. De kuorbalferiening woe leaver in gruttere seal. De gemeente Smellingerlân hie dêr lykwols gjin jild foar. Yn oktober moat it sintrum klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)