Iselmardyk wurdt ferhege

03 mrt 2014 - 17:06

De Iselmardyk oan de westkant fan De Lemmer wurdt grut oanpakt troch Wetterskip Fryslân. It wurk begjint mids takom jier en it duorret twa jier, oant en mei 2017. It giet om it stik fan rûchwei it Woudagemaal oant en mei de polder by Teakesyl. Ynkoarten is der in ynformaasjejûn om de Lemsters by te praten oer it wurk.

It wurk duorret sa lang omdat allinnich bûten it stoarmseizoen wurke wurde kin. As alles klear is, is it risiko dat der wetter oer de dyk komt fermindere ta ien kear yn de fjouwertûzen jier.

De dykferheging moat noch oanbestege wurde. Oannimmers dy't mei oplossings komme om de oerlêst foar omwenners en natuer safolle mooglik te beheinen, meitsje mear kâns op it binnenheljen fan it wurk. De kosten, 13 oant 14 miljoen. wurde betelle troch it ryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)