'Gjin sleperij mei bokjes'

03 mrt 2014 - 16:46
  • Bok

Der moat in ein komme oan it ûnnedich ferfieren fan sa'n 200.000 bokjes fan geitebuorkerijen nei de ferwurkingsyndustry. Dat fynt Sicco Gerlsma, eigener fan it Yndonesysk restaurant Tandjong Priok yn Arum.

Gerlsma hat al jierren argewaasje fan de fergriemerij en it bisteleed. Dêrom begjint er no mei in inisjatyf om in part fan de jonge bokjes yn de regio te slachtsjen en op te iten. Op 14 maart organisearret er in gearkomste foar de kulinêre wrâld om syn idee út te dragen.

Gerlsma bringt it idee sûnt in pear wike sels yn praktyk yn gearwurking mei in geiteboer út Makkum. Hy lit de bokjes slachtsje by in slachter yn de buert en brûkt it fleis yn syn restaurant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)