Debatten oer ferkiezings

Ferkiezings © ANP XTRA
Gemeenten krije hieltyd mear taken fan it ryk oer. Kinne de lokale bestjoerders en de leden fan de gemeenteried dat wol oan? Dat is ien fan de fragen dy't steld wurde sil by de searje fan trije debatten yn Ljouwert oer de gemeentlike riedsferkiezings en dy't organisearre wurde troch Omrop Fryslân yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad. Tiisdei is it earste debat en op 11 en 18 maart de oare twa.
De debatten binne tusken 19.00 en 20.00 oere te folgjen op omroplive. nl en op Omrop Fryslân Radio.
De debatten fine plak yn it gebou fan de Ljouwerter Krante yn Ljouwert, alle kearen de jûns fan sân oant acht oere. Publyk is wolkom. Opjaan kin fia dizze link.
Oare tema's fan de debatten binne: foarsjennings yn Fryslân, de Fryske taal en kultuer en de weryndieling. Studinten fan de Thobecke-akademy betinke stellings. It publyk mei sels ek meiprate.