FNP: sizzenskip oer Alliander

03 mrt 2014 - 16:05
  • FNP

De FNP-fraksje yn de Steaten wol dat Fryslân sizzenskip behâldt oer enerzjynetbehearder Alliander. De provinsje Fryslân hat no goed tolve prosint fan de oandielen Alliander yn hannen en kin dêrmei as grutoandielhâlder ynfloed útoefenje op it belied.

No't Alliander útwreidzje wol nei Dútslân, liket de provinsje in lytsere stim te krijen yn it gehiel. De FNP wol kommende woansdei fan Alliander witte hoe't it komt mei de Fryske sizzenskip.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)