Utspraak oer Wim Dankbaar

© Omrop Fryslân
Publisist Wim Dankbaar hinget fjouwer wiken selstraf boppe de holle as er net ophâldt mei de berabberij fan twa minsken dy't neffens him belutsen binne by de moard op Marianne Vaatstra. Giet er dêrmei troch, dan moat er de sel yn. Dat hat de rjochtbank yn Grins moandei besletten.
Boppedat moat Dankbaar alle lasterlike teksten fan ynternet helje en mei er twa jier lang gjin kontakt mear sykje mei syn slachtoffers. Fierders moat er ek noch goed 1500 euro skeafergoeding betelje oan de beide manlju.