'Frijwilligerswurk dúdliker'

Minsken mei bystân dy't frijwilligerswurk dwaan wolle, krije tenei fan de gemeente dúdliker te hearren wat wol en net kin. Dat is de útkomst fan in oerlis tusken de feriening fan Fryske gemeenten en it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden. Dat luts oan de belle, omdat it de regels foar it dwaan meien fan frijwilligerswurk te streng fûn. De organisaasje drige sels mei aksjes.
Nei oerlis is ôfpraat dat gemeentlike sosjale tsjinsten ien line lûke sille foar tastimming foar frijwilligerswurk, sadat dúdlik wurdt wat wol en net kin.
It FSU sil mei de ôfspraken mei gemeenten yn de hân besykje ek mear dúdlikens te krijen foar minsken mei in WW-útkearing. Se wolle dêrby it UWV op heech nivo benaderje. Se wolle fierders de Twadde Keamerfraksjes derop wize dat it UWV wat rommer mei de regels omgean moat.