Brúnfisk no yn Dolfinarium

03 mrt 2014 - 12:46

De brúnfisk dy't sneon op Flylân oanspielde is oerbrocht nei it Dolfinarium yn Hurderwyk. Dêr wurdt de lytse dolfyn opfongen troch frijwilligers fan SOS Dolfijn, mei oare brúnfisken út België en Dútslân. De Flylanner brúnfisk hat de namme Ireen krige, nei de súksesfolle reedrydster Ireen Wüst.

Neffens Eligius Everaarts fan SOS Dolfijn giet it goed mei de brúnfisk. Doel is it bist boppe it seegat tusken It Amelân en Skiermûntseach yn de Noardsee werom te setten as it sterk genôch is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)